Nieuwsbrief van de classis Fryslân
Jiergong 2025, nûmer 6
Minsken fan ‘e wei
‘En doe’t de wyn oprekke,
sei Jezus’ mem tsjin Him:
Se hawwe gjin wyn mear.’
(Johannes 2:3, NFO)
De wyn is op
De earste wiken fan in nij jier binne trochgeans net de meast fleurige. It is donker, de dagen binne noch koart en de goeije foarnimmens binne al gau ferdwûn lyk as snie foar de sinne. De lêzing út Johannes 2, dy’t gauris op de tredde snein fan jannewarris oan bar is, is my dan ek tige wolkom. Dat der gjin wyn mear is, is in byld dat hast gjin útlis noadich hat. De mem, dy’t foar dy bidt, is in treastlike gedachte. En it ‘doch alles mar wat Er tsjin jimme seit’ is in wurd dat opropt om it noch efkes fol te hâlden: de bêste wyn moat ommers noch komme.
Stúdzjereis
Sa kinne jo yn it kommende foarjier (11-22 maaie) in stúdzjereis meitsje mei ‘Kerk in Actie’. Fan elke
gemeente dy’t meidocht oan it projekt ‘Fryslân foar Ghana’ meie der op syn heechst twa persoanen mei. Neist it lân leare jo ek de minsken achter de projekten kennen en kinne jo ek self in stientsje der oan bydrage. Oanmelde kin oant 28 febrewaris, mar fol is fol. Op de hiemside fan ‘Kerk in Actie’ (Kerkinactie) kinne jo alles fine, lyk as oer it programma, de betingsten en de kosten. En foar fragen kinne jo fansels terjochte by Jannie Boonstra (j.boonstra@protestantsekerk.nl). Sy komt jo ek graaach mear fertellen oer it projekt yn syn gehiel.
Stúdzjedei
Us klassis hat foar woansdei 4 febrewaris in stúdzjedei ‘Tussen macht en gezag’ opset foar al har predikanten en tsjerklik wurkers en ek foar oaren mei niget oan teology. Sjoernalist en tsjerke-histoarikus Dick Schinkelshoek sil dêr sprekke oer ‘Vroom en fout – wat kan de kerk van vandaag leren van een theoloog die meebewoog met het nazisme’. Aldtestamintikus Marjo Korpel sil it hawwe oer ‘Gezag en leiderschap in de Bijbel’. Systematysk teolooch Kees van der Kooi hâldt in ynlieding oer ‘Macht en gezag’. Der is genôch tiid foar ynromme: de moarns om tsien oere is elk wolkom en de middeis om healwei fiven begjint it neisitten mei in hapke en in drankje.
Oanmelde kin oant en mei 30 jannewaris troch € 25,00 oer te meitsjen op NL93RABO0373713967 fan de Classis Friesland Protestantse Kerk in Nederland. Der graach bysette fan Stúdzjedei Klassis 4 febrewaris 2026 mei jo namme en wenplak. Wy hoopje op in moaie en learsume moeting.
God en it Grutte Jild
De jûns fan tiisdei 10 maart is der foar tsjerke rintmasters en oaren mei niget oan jildsaken de foarstelling ‘God en het Grote Geld’ troch Kees Gootjes. Kees wurket foar ‘De Nieuwe Beurskoers’, dêr’t bygelyks ek Kerk in Actie oan meidocht. Yn de foarstelling lit er sjen hoe’t kristenen har yn de rin fan de iuwen ynlitten hawwe mei de ekonomy en hoe’t dat hjoed-de dei noch kin, lyk as mei de reserves fan de eigen gemeente. En dat dus allegearre yn in foarstelling, mei alles wat jo by sa’n wurd ferwachtsje kinne. It is yn de Grutte of Jacobijnertsjerke fan Ljouwert en it begjint om 19:30.
Waarme solidariteit
Om noch efkes oer it jild troch te gean: yn it neijier binne Jeugd & Kerk, Kerken & Landbouw en it Studentinpastoraat op besite west by de tsjerkerintmasters fan de VKB. Se woene dêr sjen litte hoe’t gemeenten inoar finansjeel stypje kinne: streekrjocht of troch tegearre op te arbeidzjen foar in projekt foar de klassis as gehiel. Wy moatte it dochs mei-inoar dwaan, wie de gedachte. De trije neamde klups hawwe no jild nedich, mar der binne fansels noch mear. Oan de adressen kin de klassis jimme wol helpe. Wêr’t it om giet is dat wy inoar fersterkje, just ek yn tsjerke.
Klassikale gearkomste
De klassis komt wer byinoar op tongersdei 12 febrewaris. Om de klassis tichter by de gemeenten te bringen, fergaderje we sûnt ferline jier hieltyd op in oare lokaasje, dizze kear yn Dokkum. It is dan makliker om as ynteressearre in kear oan te skowen. Wy begjinne om 19.15 oere mei in fesper, wêrnei’t de gearkomste folget. Om de sfear te priuwen soene jimme yn alle gefallen ris by dy fesper komme kinne. En ek de gearkomste dêrnei kin nijsgjirrich wêze. Foar it grutste part is dy iepenbier, al sil der faak ek wol in momint wêze dat de gasten efkes nei bûten ta moatte. Oanmelde by de scriba Hanneke Dijkstra is altyd handich: scriba@classisfryslan.nl. (Lokaasje: sjoch webside classis)
Fryske tsjerkemuzyk
Yn in soad tsjerken yn ús klassis wurdt alle sneinen, op syn minst, ien liet yn it Frysk songen. Meastentiids is dat in oersetting út it Lieteboek en dy binne ornaris hiel moai. Mar wisten jimme dat der ek in soad tsjerkelieten oarspronklik yn it Frysk skreaun binne? Mei dichters as Fedde Schurer, Eppie Dam en Margriet Poortstra, en komponisten as Jan de Jong en Hendrik van der Meer beskikt Fryslân oer syn eigen tsjerklike muzykkultuer. Op 11 april wurdt in stikje fan ús lieteskat ûnder de oandacht brocht troch it Kwartettekoar, fan 15.30 oant 17.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert. De tagong is fergees.
Preekfoarsjenning
Goed nijs foar dejingen dy’t graach oan al dizze aktiviteiten meidwaan wolle: mei it preekroaster
foar takomme jier hoege jimme pas yn maaie oan it wurk te gean. Teminsten: dat is ús dúdlike
adfys. Op de klassikale gearkomste fan novimber ha wy it foar en tsjin fan in mienskiplike start
nochris goed besjoen en de útkomst wie dat it besteande adfys sa bliuwt. Sa soargje wy der foar
dat de datum net hieltyd fierder nei foaren skoot.
Mear as in datum
It adfys fan ferline jier hie mear yn as allinne de bekende datum fan 1 maaie. Mei in fêste datum
binne der ommers net ynienen mear predikanten beskikber. Om sa goed mooglik gebrûk te meitsjen fan de besteande besetting binne de folgjende adfizen folle belangriker as de datum fan 1 maaie: – doch in tsjinst mienskiplik mei in buorgemeente; – kies foar in ôfwikende tiid, bygelyks sneins 11.00 oere. Of kies foar de sneintejûn . Sels de sneontejûn kin wol geskikt wêze; – meitsje ôfspraken mei de buorgemeenten wêr’t om byg. 9.30 oere en wêr’t om 11.00 oere tsjinst wêze sil. Foar de tsjerkegongers is der dan ek noch wat te kiezen! As elke gemeente hjiryn meitinkt losse wy it probleem mei inoar goed op.
Sit der noch wat yn?
By ús thús is it restje fan de wyn altyd foar gebrûk yn de koken. Je kinne it sels yn de friezer sette, yn sa’n plestiken iisblokjesfoarm. It kin wol oer de kjeld. En dat jildt ek foar ús. It ferhaal fan Kana
fitert ús oan om fol te hâlden, te slepen mei de fetten en de eagen op ûneinich te hâlden. De nije
blidens komt lang- en ûnferwachte.
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma
classispredikant
Sjoch ek de webside: classisfryslan.nl
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------
‘Toen de wijn bijna op was,
zei de moeder van Jezus tegen Hem:
ze hebben geen wijn meer.’
(Johannes 2:3, NBV21)
De wijn is op
De eerste weken van het nieuwe jaar zijn doorgaans niet de vrolijkste. Het is donker, de dagen zijn nog kort en de goede voornemens zijn al snel gestrand. De lezing uit Johannes 2, die vaak op de derde zondag van januari de toon zet, is mij dan ook zeer welkom. Het op zijn van de wijn is een beeld dat weinig uitleg behoeft. De moeder die voor je bidt is een troostrijke gedachte. En het ‘doen wat Hij u zegt’ is een woord dat oproept om nog even vol te houden: de beste wijn moet immers nog komen.
Studiereis
Zo zou u komend voorjaar (11-22 mei) een studiereis naar Ghana kunnen maken met ‘Kerk in Actie’. Van elke gemeente die meedoet met het project ‘Fryslân foar Ghana’ mogen er maximaal twee personen mee. Behalve het land, leer je ook de mensen achter de projecten kennen en kun je er zelf actief een steentje aan bijdragen. Aanmelden kan tot 28 februari, maar vol is vol. Op de website van Kerkinactie kunt u alles vinden over programma, voorwaarden en kosten. En voor vragen kunt u natuurlijk ook terecht bij Jannie Boonstra: j.boonstra@protestantsekerk.nl. Zij komt u ook graag meer vertellen over het hele project.
Studiedag
Op woensdag 4 februari organiseert onze classis een studiedag ‘Tussen macht en gezag’ voor al haar predikanten, kerkelijk werkers en andere theologisch geïnteresseerden. Journalist en kerkhistoricus Dick Schinkelshoek zal er spreken over ‘Vroom en fout – Wat kan de kerk van vandaag leren van een theoloog die meebewoog met het nazisme’. Oudtestamenticus Marjo Korpel neemt ons mee naar ‘Gezag en leiderschap in de Bijbel. En Systematisch theoloog Kees van der Kooi geeft een inleiding over ‘Macht en gezag’. We nemen er alle tijd voor: om tien uur ’s morgens is de ontvangst en om half vijf middags begint de nazit met een hapje en een drankje.
Aanmelden kan t/m 30 januari door € 25,00 over te maken op NL93 RABO 0373 7139 67 t.n.v. Classis Friesland Protestantse Kerk in Nederland, o.v.v. ‘Studiedag Classis 4 februari 2026 t.b.v. naam + plaats’. We hopen op een mooie en leerzame ontmoeting met elkaar!
God en het Grote Geld
Op dinsdagavond 10 maart is er voor kerkrentmeesters en andere financieel geïnteresseerden de voorstelling ‘God en het Grote Geld’ door Kees Gootjes. Kees werkt voor De Nieuwe Beurskoers, waar bijvoorbeeld ook Kerk in Actie in participeert. In de voorstelling laat hij zien hoe christenen zich door de eeuwen heen met de economie hebben bemoeid en hoe dat ook vandaag de dag nog kan, bijvoorbeeld met de reserves van de eigen gemeente. En dat dus allemaal in een voorstelling, met alles wat je bij dat woord verwacht. De avond begint om 19.30 uur in de Grote of Jacobijnerkerk te Leeuwarden.
Warme solidariteit
Om nog even over het geld door te gaan: in het najaar zijn Jeugd & Kerk, Kerken & Landbouw en het Studentenpastoraat op bezoek geweest bij de kerkrentmeesters van de VKB. Ze wilden daar laten zien hoe gemeenten elkaar financieel kunnen helpen: rechtstreeks of door samen te gaan staan voor een project voor de classis als geheel. We moeten het toch met elkaar doen, was de gedachte. De drie genoemde clubs hebben nu geld nodig, maar er zijn er natuurlijk nog meer. Aan de adressen kan de classis u wel helpen. Waar het om gaat is dat we elkaar versterken, juist ook in de kerk.
Classicale vergadering
Die classis komt weer bij elkaar op donderdag 12 februari. Om de classis dichter bij de gemeenten te brengen, vergaderen we sinds afgelopen jaar steeds op een andere locatie, deze keer in Dokkum. Het is dan gemakkelijker om als geïnteresseerde een keer aan te schuiven. We beginnen om 19.15 uur met een vesper, waarna de vergadering volgt. Om de sfeer te proeven zou u in elk geval eens bij die vesper langs moeten gaan. En ook de vergadering daarna kan interessant zijn. Voor het grootste deel is die openbaar, al zal er vaak ook wel een moment zijn dat de gasten even naar buiten moeten. Aanmelden bij de scriba Hanneke Dijkstra is altijd handig: scriba@classisfryslan.nl. (Locatie: zie website classis!)
Friese kerkmuziek
In veel kerken in onze classis wordt elke zondag tenminste één lied in het fries gezongen. Meestal is dat een vertaling uit het ‘Lieteboek’ en die zijn doorgaans erg mooi. Maar wist u dat er ook veel kerkliederen oorspronkelijk in het Fries geschreven zijn? Met dichters als Fedde Schurer, Eppie Dam en Margriet Poortstra, en componisten als Jan de Jong en Hendrik van der Meer beschikt Fryslân over zijn eigen kerkelijke muziekcultuur. Op 11 april wordt stukje van onze liederenschat onder de aandacht gebracht door het Kwartettekoar, van 15.30 tot 17.30 uur in de Martini van Bolsward. De toegang is gratis.
Preekvoorziening
Goed nieuws voor wie aan al deze activiteiten mee wil doen: met het preekrooster voor volgend jaar hoeft u pas in mei aan de gang. Tenminste: dat is ons dringende advies. Op de Classicale vergadering van november hebben we de voor- en nadelen van een gemeenschappelijke start nog eens tegen het licht gehouden, en de uitkomst was dus dat het huidige advies blijft. We voorkomen daarmee dat de datum steeds vroeger wordt.
Meer dan een datum
Het advies vorig jaar behelsde meer dan alleen de bekende datum van 1 mei. Met een vaste datum heb je immers niet opeens meer predikanten tot je beschikking. Om goed gebruik te maken van de huidige bezetting zijn de volgende adviezen veel belangrijker dan die datum van 1 mei: – doe een dienst met een buurgemeente samen; – kies voor een afwijkend tijdstip, zoals zondag om 11.00 uur. Of kies voor zondagavond. Zelfs zaterdagavond kan heel geschikt zijn; – maak afspraken met de buurgemeenten wie bijvoorbeeld om 9.30 en wie om 11.00 uur dienst heeft. Ook voor de kerkgangers is er dan iets te kiezen. Als elke gemeente hierin meedenkt, lossen we het probleem gemakkelijk samen op.
Zit er nog iets in?
Bij ons is het restje van de wijn altijd voor gebruik in de keuken. Je kunt het er zelfs voor in de vriezer doen, in zo’n plastic vorm voor ijsblokjes. Die kou overleeft het wel. En dat geldt ook voor ons. Het verhaal van Kana moedigt ons aan om vol te houden, slepen met vaten, met de blik op oneindig. De nieuwe vreugde komt lang- en onverwacht.
Met hartelijke groet,
ds. Riemer Praamsma
uw classispredikant
Zie ook de website: classisfryslan.nl
